Werom yn de tiid

Doe’t wy troch de foarsitter Bokma útnoege waarden om wat oer de skiednis fan “de Laatste Eer”te fertellen hoegden DJ en ik der net lang oer nei te tinken. It bestean fan ús begraffenisfer. fine wy wol wichtich en wy wienen ek wol benijd om te witten hoe’t it 100jier lyn allegear begûn is. Griet Akke sette al gau in tas mei boeken by ús troch de doar. Sy hie ek in briefke mei hichtepunten by har fan de fer. út Wikel dy’t yn 2013 it hûndertjierrich bestean betocht hat. ”Sjoch Annie, soks wolle wy ek graach ha”. No wol it gefal dat de histoarikus fan Nijemardum sûnt hiel wat jierren,  ek noch bestjoerslid fan De Laatst Eer is.   Hy koe it fansels ek net litte om yn de âlde notule- en kasboeken om te sneupen en hat hiel wat nijsgjirrige saken út de histoarje kreas  op papier setten. Mei in dúdlik oersicht fan de taken fan de ferieniging en in stichtlik “Voorwoord” fan de foarsitter is der in moai boekwurkje ûntstien en dat sil oan ‘e ein fan ‘e  jûn útdield wurde.

As wy hûndert jier werom yn de tiid gean wolle, moatte wy in hiel soad saken dy’t foar ús hiel gewoan binne, skrasse. Sa as it elektrysk ljocht, wetter út de kraan, it gas, it ferfier, de diken, de wenhuzen mei in soad komfort, de klean, it iten. De kommunikaasje gyng net mei it stjoeren fan appkes of mails en ek net troch de telefoan. It skriuwen fan brieven wie seldsum. Dat barde op tiden dat der wat bysûnders oan ‘e oarder wie. Bygelyks by slimme sykte of in stjêrgefal. En dy wienen der gauris, want der waarden yn hast alle húshâldingen wol  in soad bern berne, mar dy waarden meastal net sa âld. De dea wie altyd tichtby en it koe hast net oars dat buorlju dan  de taak hienen  om de ferstoarnen te plak te bringen. Yn 1918 wie der net allinnich in Wrâldoarloch dy’t makke dat der amper te iten wie, mar de Spaanske gryp easke ek  in soad slachtoffers.

Sa wie it ek yn Nijemardum en yn dy tiid betochten ús doarpsgenoaten : wy rjochtsje in ferieniging op……  Skriuwer G.van der Meer wie der bij en hij kocht gjin skrift mar in echt boek mei in hurd kaft, in potsje inket en in pinne en begûn te skriuwen.

 

Notitie Boek voor de begravenisVereeniging te Nijemirdum.

In de maand Februarie van het jaar 1918 waren er enkele ingezetene van Nijemirdum welke zich hadden voorgesteld een begravenisvereeniging op te richten.

Op 12 Maart van dit jaar werdt er door een dertigtal blijk gegeven om dit doel te versterken, welk getal al spoedig aangroeijde tot een honderttal.

Op 21 Maart 1918 werd de eerste algemeene Vergadering gehouden ten huize van den Heer L. van Kampen, waarbij een zestigtal leden aanwezich waren.

Op 12 Maart j.l. was er een voorlopig bestuur benoemd, zooals de Heeren J.W. Draaijer als voorzitter, G.v/d Meer als Secretaris, Klaas Postma Penningmeester, J. Das en Johs. Veldman allls bijzitters.

Op heden 21 Maart werd dit bestuur bekrachtigd.

De vergadering werd geopend door den voorzitter J. Draaijer welke allen welkom heete en hoopte dat deze vereeniging tot stand mochte komen, en lange jaren mocht bestaan.

Allereerst is de vergadering begonnen om aan genoemde vereeniging een naam te geven, welke is vastgesteld als “de voormalige buurtschappen”. De vereeniging de voormalige buurtschappen is toen overgegaan tot vaststelling van haar reglement, benoeming van personeel welke bestond uit12 dragers, 4 luiders en twee boden, vaststelling contributie. Verder werd het loon van het personeel vastgesteld.

De Vereeniging werdt dit jaar zeer zwaar getroffen, daar het acht dooden had te betreuren zooals Johs. Haringsma, 12 Mei E. Mulder, 10 Augs. H. Haga, 16 Augs.J. Jaarsma. In December 3 kinderen van F. Mulder; en Mej. Grietje van Kampen.

 

  1. van der Meer.

                                                                                  J.W.Draaijer.

Yn de ledegearkomste fan 25 jan.’26 wurdt foar it earst de namme “de Laatste Eer” brûkt. It is dan al in pear jier lyn dat der ynstee fan  de boerewein in lykkoets brûkt wurdt. No is der berjocht fan Teernstra út Balk komd, dat hy in lykauto oanskaffe wol. Hoe tinke de leden hjiroer?

Vanwege de toestand van onze wegen is het gebruik van een lijkauto niet gewenst!

En noch in oare saak komt oan de oarder: De al te eenzijdige kerkelijke gezindheid van het bestuur is ook niet wenselijk.

In jier letter ha 34 leden bedankt en binne der noch 95 oer. De kontrebúsje giet nei ûnderen en wurdt 50 sint per lid. Dat moat tenei per stjêrgefal betelle wurde. Daliks by it leedomsizzen.

Dat leedomsizzen wie de taak fan de boade. It stiet ús doarpsgenoate Teats de Jong noch goed by dat de boade yn fol ornaat by harren thús it paad oprûn en by de foardoar oanbelle. “As lyts famke gyng ik dan mei ús mem nei de doar en dêr stie in man yn in swart pak mei in hege hoed yn ‘e hân. Hy ferkundige op steatlike toan it drôve nijs..  yn it Hollânsk. Mem, wat seit dy man?” “Hâld dy stil fanke. Der is ien stoarn….  As hy syn tekst opsein hie ûntteide de boade en sei “Ja, en  it is ek noch wer hurd gien…”

Yn ‘e tritiger jierren is der in soad earmoede. It ledetal rint achterút en de diakens wurde frege om te beteljen foar de earme widdowen. Minsken dy’t nei oare doarpen ferhúzje meie gjin lid bliuwe. De ponghâlder hoecht gjin rinte te jaan fan it kasjild dat hy beheart.  It is krisis, mar yn de ledegearkomste krije de oanwêzigen kofje mei in stik brykôf-koeke en ek noch in rokerke. Ien lid wol net betelje: hij seit: “ ik kom net op de gearkomste en meitsje dus ek gjin ûnkosten foar de ferieniging”. Ja, hoe moat men dêr mei oan?

De kontrebúsje giet fan 50 nei 25 sinten;  der binne soargen oer de kas. De leanen fan de boade en dragers wurde ferlege. Lytse berntsjes wurde stil weibrocht mei 1 boade en 1 drager.

Yn 1937 komt der in skriuwen fan de Federaasje om oansluting, mar tagelyk ek in brief fan 8 ferienigingen dy’t warskôgje om dat mar net te dwaan!  Earst mar ôfwachtsje…

Yn 1940 komt der in skriuwen fan de Raad van Arbeid oer it fersekerjen fan it personiel. It is net ferplicht mar op de ledegearkomste jout Kees Hornstra dy’t agint is fan de N.V.Ned.Loyd dêr útlis oer. Personiel boppe de 65 is net fersekere en krijt dus dien. Nije jongere minsken jouwe har op as meiwurkers.

Dan wurdt it oarloch.. noch mindere tiden brekke oan. Teernstra út Balk moat mei de lykauto altyd oer minne sânpaden ride en hy wol ek wolris in stjêrgefal oan ‘e dyk ha… De leden meie sels kieze by it weibringen.  Op it lêst kin de auto net mear ride.

Yn 1943 hat de feriening 25 jier bestien. Johs.Veltman sit al fanôf it begjin yn it bestjoer, mar hy wurdt tige dôf, en soks is lestich as je in gearkomste liede moatte. As men de fragen fan de leden net mear ferstean kin, dan komt der ek gjin antwurd. Soks jout in soad betizing, dat Roel de Jong wurdt foarsitter. De ponghâlder Postma hâldt der nei 25 jier ek mei op en Gerlof Otter nimt de sinteraasje oer. Gerben Mulder is al 25 jier drager.

Yn 1945 wurdt de ledegearkomste op middei holden want om acht oere moat elkenien binnen wêze; der is jûns gjin ljocht mear en kofje, koeke of in segaar binne net mear te besetten.

Yn 1946 wolle de lykauto’s wer ride en is der wer kofje en koeke te krijen en ek noch wol sûnder bon! Der wie in oar probleem foar it personiel, want der leinen doe  fêst wol wat petten, mar net in hiele ris waarme jassen en broeken yn ‘e kast.  Hoe moast dat by fûle kjeld of mei reinich waar dêr’t de klean tige fan te lijen hienen? In kreaze swarte outfit begjint in hiele toer te wurden en dêrom krijt de boade frij mandaat om  dêr fan ôf te stappen.

De opreed nei it tsjerkhôf yn Nijemardum is hast net begeanber en it stek is hielendal stikken. De draachberje moat gauris oplape wurde en hy is einlings te lyts, it wurdt tiid foar in nijenien. En dy komt der, mei tank oan de gemeente.

En dan wol de klok hielendal net mear liede. Der sit in grutte skuor yn en hy moat omjitten wurde. Alwer in saak foar de gemeente.

Yn 1953 moat Boacke Tromp as boade mei de “ketânsjes” nei de leden. Soms wol 4 kear nei itselde adres en as der dan  noch net betelle wurdt, dan moat sa’n lid mar skrast wurdt tink? It bestjoer sil der noch ien kear hinne!

It ledetal is aardich minder wurden omdat  der nochal wat doarpsgenoaten nei Kanada ferhúzje. Sy ha yn ‘e oarloch in soad te lijen hân en no wer pine yn it liif om de driging fan de Russen.

Homme Hoekstra is 2e boade en op de ledegearkomste meldt hy dat as hy tsjinst hat betiden ek pine yn it liif krijt. Dat komt net fan de Russen, mar fan de dûmnys. Dy hâlde wol in moaie lykrede, mar dat kin wol 3 kertier duorje, en soks past him net.” Minsken, soe dat net oars kinne?”

Marten Aukema riist oerein:  “It doel fan in begraffenis is om ús allegear in ogenblik ûnder it Wurd te stellen en om dan nei it tehôf bringen allinne de neiste famylje noch gelegenheid te jaan om yn it lokaal wat nei te praten en te drinken.”  Wat hat hy dat moai sein. It bestjoer seit ta om der mei beide dûmnys oer te praten.

Yn 1956 wurdt besluten om safolle mooglik kasjild nei in bank te bringen, dat wurdt de Boerenleenbank.

1958 is in jubileumjier. De feriening hat 40 jier bestien en de ledegearkomste hat in feestlik karakter mei kofje, koeke en in sigaar. De notulen melde: “Pake Veltman bedankt na 40 jaar trouwe dienst en krijgt een wandelstok met zilveren plaat. Hij balanseerde ermee door het lokaal en vond het niks dat jonge leden niet zelfstandig bijdroegen in de kosten”. Dêr sil net folle kommentaar op west ha, want it wie benammen fanwege syn dôvens al jierrenlang in hiele toer om mei Veltman yn kontakt te kommen. Der wie ek drôvens oer 9 minsken dy’t ferstoarn wienen. Yn de rin fan dat jier is der in bûtengewoane gearkomst fan it bestjoer omdat foarsitter Roel de Jong hielendal ûnferwachts stoarn is. Peterson folget him op.

Guon dragers hâlde ek op en dan wurde wer nijen socht. Inkele kandidaten melde harren, mar no dy klean noch! It oanskaffen fan uniforme klean wurdt troch it bestjoer foarsteld. De Firma Stappenbelt út Emmen komt yn febrewaris 1959 nei Nijemardum mei nije jassen foar it personiel en Joh.Veltman en Boake Tromp ha dêr wol jild foar yn ‘e âld sok, mar dat moatte sy wol wer werom ha fansels. De leden moatte f. 3.00 yn ’t jier ôflosse foar de nije klean.

 

Rûnom wienen al begraffenis-ferienigingen oprjochte yn Gaasterlân, mar noch net yn Sondel.  Yn 1961 is it safier en reizget ús bestjoer  nei it lokaal yn Sondel mei it doel om wat ynstruksjes te jaan by it oprjochtsjen fan in eigen ferieniging. Ut Wikel binne der ek bestjoersleden. Nei wat hin en wer gepraat oer de grinsgefallen wurdt de “Buurtschap Sondel” in soad sukses tawinske en set it bestjoer wer op hûs oan.

Stadichwei komt de karjêre yn sicht fan de jongeman dy’t yn ‘e oarloch by in bombardemint yn Rotterdam hast syn hiele famylje ferlear en besocht om yn Nijemardum in nij bestean op te bouwen. Wy ha it no fansels oer de hear Piet Boon, de man dy’t  him mei hert en siel foar de feriening ynsette soe, mar ek foar fierwei de measte reuring soarge. Piet kaam yn ’59 yn it bestjoer en doe’t Peterson net langer beskikber wie, waard Piet yn ’62 foarsitter. Tagelyk wie der ferlet fan in twadde boade en dat berop naam Piet ek oan. Hy fûn dat der by in begraffenis minder praten wurde moast en makke soks ek dúdlik as de roustoet op wei gyng nei it grêf. “Ik verzoek U vriendelijk, doch dringend om de overledene en de familie in volkomen stilte te volgen naar het graf. Voor wie dat niet kan, is het mogelijk om hier achter te blijven in de kerk.”

Yn de sechtiger jierren is it gewoante wurden om routsjinsten yn ‘e tsjerke te hâlden; earder barde dat meastal fanút it lokaal of by de minsken thús wei.  Oant 1952 wie it gebou dêr’t wy no sitte skoalle. It stiet ús âldste doarpsgenoaten net mear by wêr’t earder in ûnderkommen wie om gearkomsten te hâlden. Yn de âlde kasboeken wurdt melden dat Johs.Veltman fergoeding krijt foar ledegearkomsten en fanôf 1930 waarden der rekkentsjes betelle foar ledegearkomsten  oan  Marten Aukema. It sil yn in seal fan de lettere herfoarme tsjerke west ha. Marten Aukema  wie dêr earder koster en doe’t  hy  yn 1966 ophâlde soe as behearder fan dit doarpshûs, ferklearre hy “ik ha ek noch nea fergoeding krigen  foar it útlizzen fan de lopers yn it portaal by begraffenissen.” It bestjoer wol der einliks gjin wurden mear oan smoarch meitsje en fynt dat soks al by de hier ynsit.  Piet Klompmaker is de nije konsjersje en dy moat dat no mar goed yn ‘e gaten hâlde. It foarstel  foar oansluting fan de 1ste boade Doorenspleet op it telefoannet wurdt ôfwiisd. As Doorenspleet der in pear jier letter mei ophâldt wurdt Piet Boon 1ste boade.

It leedomsizzen , dat yn 1970 ôfskaft waard, barde altyd yn it Hollânsk. Wêrom soe men sizze? Joech it mear status oan it barren? Wieger Pietersma besocht yn ‘e ledegearkomste om der feroaring yn te bringen: “ Ik soe graach sjen dat de boade it leedomsizzen yn it Frysk docht”. Ja, ja… Gjin sprake fan!  Pietersma hie ek wol ris in snedige opmerking hear. Doe’t de foarsitter in kear klage oer de lege opkomst fan de leden stelde hy foar om ynstee fan it tredde bakje kofje mar in “burrel” te skinken. Dan soe der fêst mear flecht op ‘e koai komme, tocht Wieger, dy’t ek jierrenlang drager west hat en as taksysjauffeur mei boade Boon by nacht en ûntiid op ‘n paad wie foar De Laatst Eer.

Yn ’78 komt der in skriuwen fan de Gemeente oer de nije yndieling fan it tsjerkhôf: de grêven krije nije nûmers. Piet Boon hat de administraasje dêrfan yn hânnen. Dat wie handich.

Ien fan ús âldste leden Grietsje Pietersma –van Dijk  fertelde my oer in âlder suske fan har, ek in Grietsje,  dat hiel jong stoarn is. In soad âlden ferlearen bern en soks wie doe like slim as no. Mar der wienen gjin praatgroepen foar lotgenoaten. “Nee”, sei Grietsje, “ ús heit en mem hienen it der noait oer, behalve as wy ris op it tsjerkhôf kamen”. Sy styngen dan stil by in plakje oan it paad achter de toer:” Hjir leit ús Grietsje”… dy  4 wurden droegen in swiere lading . It plakje wie dierber…

Mar it kaam net oerien mei de administraasje fan de Gemeente tink,  want jierren letter ferklearre Piet Boon ”Dat bestaat niet!” Miskien hie hy de goede bril net op of is hy mei it tawizen fan nije grêven ek wolris by de oare kant fan ‘e rigel begûn mei it tellen.

Syn sûnens wie wif en Piet lei faak yn it sikehûs. Doe’t myn (skoan)heit dy’t hjir dûmny west hat, yn it âlde SintAntonius bedarre en weirekke, lei Piet dêr ek.  Foar de safolste kear…  It berjocht dat de man, mei wa’t hy faak oan in grêf stien hie, no sels ûnder de toer brocht wurde soe, joech Piet enerzjy. Hy lei op bêd sa meager as branhout , mar mei ljochtsjes yn ‘e eagen sei  hy  “Ik laat hem zakken hoor” ………….en hy hat wurd holden.

It “laten zakken” is net langer de iennige wize fan ôfskied nimmen. Yn de tachtiger jierren kieze ek minsken hjirwei foar in kremaasje.

De measte manlju dy’t yn it bestjoer keazen wurde, bliuwe lang sitten…..te lang  fine se sels en wolle yn 1987 manmachtich ôftrede.  It liket wol in bejaardesoas . Reserveboade Jelle Rienstra wol ek ophâlde . De útnoeging foar de ledegearkomste komt yn it Doarpskrantsje, mar de opkomst is fierstente leech, neffens de foarsitter. It  ôtreden fan it hiele bestjoer kin fansels neat wurde….

In frou yn it bestjoer, soe dat net in goede set wêze? Griet Akke Rienstra is de earste frou dy’t it oare jiers har yntrede docht yn dit mannebolwurk. Sy hat fêst in frisse ynfloed op de manlju, ek op Piet, dy’t stadichwei paad romje wol.. mient hy…..  syn lichem wurdt swak, mar oeh… de geast kin it moaie wurk noch net loslitte.

As dit ûnderwurp yn de ledegearkomst te praat komt, wurdt de sfear grimmitich.

Wat te tinken fan  de ynwijing fan in kreaze frou as boade....   dat soe de sinnen wol fersette kinne. Wurdt it Willie Smink ? Sy rint in skoftke mei, mar it slagget net. Dan Foekje de Jong?  Der moat ek in kursus folge wurde, no dêr sjocht Foekje hielendal net tsjinoan. Dochs rint it wer op neat út. Meine Hoekstra jout him op om ek in skoftke staazje te rinnen, mar dy fynt himsels letter ek al wat te âld, want de leeftydsgrins foar it personiel wurdt 70 jier.

Eintsjebeslút komt Klaas Rienstra mei de oplossing. Hy hie yn de jierren dat heit Jelle ek gauris yn it spier west hie foar de feriening wol begrepen wat der spilet  by it bringen fan “de Laatste Eer” . Omdat hy as behearder fan ús Doarpshûs al lang wist hoe’t je mei gastfrijens  en freonlikens in hiel ein komme, waard hy de perfekte opfolger fan Piet Boon, dy’t yn 1999 nei 40 jier trouwe tsjinst yn frede útswaaid wurde koe.

De oansluting foar de boade op it tillefoannet yn de sechtiger jierren fûn gjin genede by de leden, dochs wie de oanskaf fan in mobile tillefoan fan Klaas ek bysûnder genôch om  te melden yn de notulen en der kamen mear feroaringen. Wat te sizzen fan de yntrede fan de compûter, earst allinnich te finen op kantoaren en by hege útsûndering yn húskeamers, no net mear wei te tinken.  De notulen wurde  net mear skreaun, mar úttypt op in fel papier en noch hieltyd yn it notuleboek plakt..

 

Neffens  de Arbowet waard it wurk fan de deagraver te swier. In kraan moast it oernimme, mar dat wurket net altyd like handich en lit djippe spoaren nei. Somtiden lykje nije middels wol slimmer as de kwaal.

It materiaal lykas de draachberje en de ridende berje, de bekisting,  it sinktastel en it roukleed ha ek gauris in kwaal dy’t ferholpen wurde moat.

De measte noed yn de ôfrûne 100 jier wie om de klean fan de dragers en de boade. Op in soad ledegearkomsten  wurdt  dúdlik makke dat der ferlet is fan nije meiwurkers: drie nieuwe dragers hebben zich gemeld, maar zonder kleren! De jassen binne kapot, de broeken te koart en wêr binne nije knopen te krijen? In pear dragers rinne mei in gammele hoed. Der moatte nijen besteld wurde en ek wanten. De froulju fan it personiel soargje hast altyd foar it ûnderhâld fan de klean.  Nei 40 jier wurde der nije pakken besteld, “.maar de oude dragers hoeven geen nieuw pak meer”….  De reserveklean wurde opslein.

Klaas krige help fan Pieter Deinum, dy’t twadde boade waard en dat giet goed. Al gau docht Pieter de stjêrgefallen bûten Nijemardum en mei Boersma fan ‘e Lemmer as reserve rint alles goed. Yn ‘e gearkomste fan 2012 wurdt der ôfskie nommen fan Klaas Rienstra, dy’t hast sechtich wurdt en it no wol wat kalmer oan dwaan wol. It wurk fan Klaas wurdt tige wurdearre. Hy giet mei loofjende wurden, in oarkonde fan de federaasje en in kuierstok nei hûs en  Harmke krijt blommen.  Pieter  Deinum wurdt no ús fêste boade en as hy net kin docht Tiete Groenhof it.

As ús gemeente opgiet yn de Fryske Marren komme der ek wer oare rigels en wetten. “Bij een begrafenis gaat alles met de bode tot aan het hek bij het kerkhof en daarna neemt het mannetje van de Fryske Marren het over; die bedient het zinktoestel ook” stiet der yn ‘e notulen.

Famyljeleden sjogge der frjemd fan op…  en ús eigen skoandere sinktastel , dat net mear brûkt wurde mei , kin no op Marktplaats setten wurde.

Fanôf de oprjochting wie de funksje fan de ponghâlder net sa ienfâdich. Ofhinklik fan it tal leden kaam der jild yn kas . Yn it begjin kamen by ien stjêrgefal  wol  2 boades  en 2 kloklieders en wol 13 dragers yn aksje. De reden fan safolle mankracht moatte wy nei riede. Wie it wurk sa swier of hienen sy belang by it lean dat sy barden?  Om it saldo tarikkend te hâlden wie it faak nedich om nei 2 gefallen of sels nei 1 gefal alwer by de leden oan te klopjen.  De  boade spile dêr wol in belangrike rol by en it bestjoer hat yn de rin fan de tiid altyd omtinken foar har leden hân en jonge minsken oansprutsen om lid te wurden. Diakens wurde frege om te beteljen foar earme widdowen. Yn sakjende tiden fan ’33 wurde de kontrebúsje en ek de leanen ferlege en binne der grutte soargen.

De kaskommisje dy’t yn ‘e ledegearkomste de boekhâlding neisjen moat en it jildbakje leget, is gau útteld. Yn 1940 moat it personiel fersekere wurde.

Der moat belesting betelle wurde en letter hoecht dat wer net neffens de belestingtsjinst. Yn 1995 wurdt de hiele boekhâlding yn de computer opnommen. Dat wie in hiele toer foar de ponghâlder, dy’t noch út it jildbakje-tiidperk stammet  en in pear jier letter wurdt de euro ynfierd. Der moat wer belesting betelle wurde foar  de dragers… och, wat in wurk!  De leanadministraasje wurdt útbestege oan in bedriuw en fansels  kinne wy no ek telebankiere. Fanôf 2010 geane alle rekkens fan de ûnkosten fan in begraffenis nei de ponghâlder. It jildbakje wurdt in oantinken en alle jild-aksjes wurde no fia de bank dien..

Der komt kontrôle op de finansjele sitewaasje  en it is altyd wer moai om te hearren dat wy in sûne ferieniging ha. En dat allegear omdat ynwenners fan Nijemardum harren noch hieltyd ynsette foar Uitvaartvereniging “De Laatste Eer”, want dy namme past yn dizze tiid wat better by de ferieniging. 

Yn de notulen fan ús hûndertjierrige wurde tal fan  bekende nammen neamd  sa as Veldman, Draaijer,Postma, Hornstra, Doorenspleet,  Mulder, Van der Meer, Van Dijk, Akkerman, Visser, Plug, Stegenga,Tromp, Peterson,  Pietersma,  Hoekstra, Ottema, De Jong, Otter, Sinnema, Strampel,  Aukema, Eppinga, Groenhof, Rienstra, Deinum, Baukema, Boekema, Bosma, Muizelaar, Van der Wal, Ferdinands,  Veen, Wildstschut, Altenburg en ja hear, ek noch in De Kleine.

Al dizze minsken ha as drager, kloklieder, boade of bestjoerslid faak jierrenlang belutsen west by ús ferieniging.

De taak fan de foarsitter bestiet benammen út it beneamen  en it delegearjen fan it wurk dat foar de feriening dien wurde moat. Hy besiket  federaasje-  en klusterbyienkomsten, beurzen,  de iepening fan in nije aula of krematoarium, dêr’t ek troch ús ferieniging gebrûk fan makke wurdt.

Hy moat mei faasje de gearkomsten liede en de meiwurkers ynspirearje om mei respekt harren taak te folbringen.  By in jubileum wurde dy dan yn it sintsje setten. Soks bart dan faak mei moaie wurden, in oarkonde fan de federaasje, in kuierstok  of pinne mei ynskripsje en fansels mei blommen foar de frou.

Dy moaie wurden bliuwe ivich hingjen, de oarkonde en de pinne lizze yn in laadsje en de blommen bedarje yn de kontener.

Bliuwt de fraach: Wêr binne al dy kuierstokken no? Wurde dy brûkt of hingje se tepronk yn ‘e keamer? Hie it net mooglik west foar al dy jubilarissen om hjir jûn “met de wandelstok  door het lokaal te balanseren”  krekt as jim yllustere foargonger Veltman dat 60 jier lyn die? Wa wit kin dat it oare jier wol as de ferieniging 101 jier bestiet. Dan rinne wy jûns by ljochtmoanne nei it doarpshûs en hâlde de ledegearkomste. Klaas of syn opfolger hat de petroaljelampen oandien en wy krije kofje mei in hearlik stik brykôf-koeke, mar fansels gjin “ rokerke”! En ….as de ponghâlder it lije wol,  nei ôfrin in “burrel”…  Dêr komme wis kloften leden  op ôf.

Aldus  mei in soad niget 100 jier skiednis fan De Laatste Eer oereide te hawwen, jou ik it wurd werom oan ús foarsitter.