Berne: 13-9-1894, Nijemirdum
Ferstoarn: 27-3-1975, Balk 

 Inne de Jong hat syn jeugd trochbrocht yn Gaasterlân. Syn âlden buorken op in pleats te Nijemardum. Sels kaam er as jonge fan tolve ek by de boer oan it wurk, mar dêr seach er syn takomst dochs net lizzen. Op syn sechtjinde gyng er nei de kweekskoalle en slagge trije jier letter foar it ûnderwizersdiploma. Hy krige al gau in beneaming oan in kristlike basisskoalle op ’e Lemmer. Fan 1914 oant 1917 hat er dêr ûnderwizer west. Nij trije jier foar de klas stien te hawwen waard Inne de Jong advertinsjekorrektor en sjoernalist by it Friesch Dagblad. Yn dy tiid keas de Jong foar it anti-militarisme en waard er lid fan de Christen Democratische Unie (C.D.U.), doetiids de partij fan de kristen-soasjalisten. Dat brocht him yn konflikt mei de haadredaksje fan it FD en De Jong naam ûntslach. Hy waard wer ûnderwizer, diskear yn syn bertedoarp en in pear jier letter, neidat er yntusken troud wie, yn Jiskenhuzen. Op ’e Lemmer wie De Jong befreone rekke mei Fedde Schurer. Beide setten se har yn foar it kristlik-passifisme, foar Schurer rûn dat úteinliks út op syn ûntslach as ûnderwizer oan in kristlike skoalle op ’e Lemmer. Ek De Jong krige te meitsjen mei wjerstân foar syn krewearjen fan âlden fan learlingen en fan doarpsbewenners. It wie foar him reden om sels ûntslach te nimmen as haad fan de kristlike skoalle te Nijemardum. Yn 1931 waard er beneamd yn Utert en yn 1937 kaam er as ûnderwizer yn de Amsterdamske Jordaan te wurkjen. It haad fan dy skoalle wie de lettere fersetsman, dichter en sjoernalist H.(Henk) M. van Randwijk. Doe’t Van Randwijk yn ’e oarloch yn it ferset gie, folge De Jong him op as haad.
Inne de Jong hat yn Amsterdam as ûnderwizer en letter as learaar oan in Mulo wurke oant syn pensjonearring yn 1972. Dêrnei kaam er mei syn frou en dochter, mei har gesin, werom nei Fryslân en festigen se har yn Balk. Dêr is Inne de Jong op 27 maart 1975 ferstoarn. 
De earste stikken dy’t De Jong skreau publisearre er yn it tydskrift Yn ús eigen tael, it orgaan fan it Kristlik Frysk Selsskip. It wiene opstellen mei in striidber karakter. Syn earste gedichten ferskynden yn itselde orgaan ûnder de skûlnamme W. Banda.
Yn boekfoarm debutearre er mei de dichtbondel Harstwiich yn 1939. De fersen yn de bondel kinne wat de ûnderwerpen oanbelanget yndield wurde yn twa skiften; natoerlyryk en religieuze fersen. Hoewol’t De Jong him doe al lange tiid oppenearre hie as polityk radikaal non-konformist, liet er him as dichter sjen as romantikus.
It boek dêr’t Inne de Jong it meast bekend mei wurden is, Jonges fen Gaesterlân, skreau er doe’t er yn 1940 in healjier mei sykteferlof thús siet. Yn It Heitelân hie er lêzen dat der in grut ferlet wie fan oarspronklike Fryske jongesboeken. Boppedat wie troch minsken fan de Fryske beweging en út de ûnderwiiswrâld yn it lêst fan 1940 de Stifting Us Frysk Berneboek oprjochte, mei as doel it befoarderjen fan de útjefte fan Frysktalige berneboeken. De stifting skreau alle jierren in priisfraach út foar oarspronklike manuskripten, mei as priis it útjaan fan it winnende manuskript. Jonges fen Gaesterlân wie de earste priiswinner en fuortendaliks in grut sukses. De aventoeren fan in ploechje jonges yn de bosken fan Gaasterlân waarden mei nocht lêzen. It earste diel wie nei in pear wike útferkocht, werdrukken ferskynden yn 1948 en 1960. Yn 1950 kaam der in ferfolch mei de titel Nije aventûren fan de jonges fen Gaesterlân. De Nederlânsktalige útjefte dy’t yn 1961 by de Arbeiderspers útkaam, wie in kompilaasje fan de beide Frysktalige dielen. De plannen om it boek te ferfilmjen binne úteinliks net trochgien.
Ut it sukses fan de boeken die wol bliken dat De Jong in rasferteller wie, hy hat yn it boek eigen oantinkens út syn jongensjierren yn Gaasterlân ferwurke. Mar minder as dat de minsken faak tinke sei er yn in fraachpetear yn de Leeuwarder Courant (1938?).
De Jong beskôge sels as syn wichtichste wurk it oersetten fan 99 kwatrinen fan Perzyske dichter Omar Khayyám. Omar Khayyám libbe yn ’e midden fan de alfte ieu, in tiid fan grutte ûnrêst yn de Islamityske wrâld. De fergonklikheid fan it ierdske libben is it oerhearskjende motyf yn it wurk fan Khayyám. De minsklike toan fan syn oeuvre sprekt ek de moderne minske noch altyd oan. Der binne sa tûzen saneamde ‘Rubayyát’ (gedichten) fan Khayyám neilitten. De Jong hat 99 dêrfan yn it Frysk oerset oan de hân in Ingelske oersetting fan  Edward Fitzgerald (1809-1883). Dêrnjonken hat er oare oersettings yn it Frânsk en it Ingelsk rieplachte. Anne Wadman neamt yn syn besprek fan de ‘Kwatrinen’ (Het Vrije Volk, 26-10-1956) de oersetting fan De Jong  ‘treflik en virtuoas’.
Yn 1973 joech De Jong de dichtbondel Wylde ierdbeien, yn it ljocht. Njonken natoer- en religieuze fersen steane yn syn lêste bondel ek polityk-engagearre fersen. In part fan dy fersen wiene al earder ferskynd yn in spesjaal nûmer fan De Strikel(desimber 1967).
Inne de Jong hearde mei E.B. Folkertsma en Fedde Schurer ta in ploechje jongerein dat om 1924 hinne nij libben brocht yn it doetiids ta konservatisme en tradisionalisme ferfallen Kristlik Frysk Selskip.
Inne de Jong hat hûnderten artikels skreaun dy’t publisearre binne yn in grut tal tydskriften, organen en kranten. De Jong hie in brede belangstelling en in krityske geast, hy publisearre oer ûnderwerpen as de ûntwikkeling yn de ynternasjonal polityk en oer tsjerke en leauwen. Dy artikels ferskynden yn û.o. De groene Amsterdammer, Vrij Nederland en Hervormd Nederland. Fierders publisearre er skôgings oer boeken, films en literatuer yn De Tsjerne, It heitelân, De Stiennen Man, Frysk en Frij, De Stim fan Fryslan en De Strikel en wurke er mei oan blêden as Yn ús eigen tael en Frisia.
List fan bekendste wurk:
Poëzy:
1939 : Harstwiich
1973 : Wylde ierdbeien

Berneboeken:
1941 : Jonges fen Gaesterlân [2e pr. 1948, 3e pr. 1960]
1950 : Nije aventûren fan de jonges fan Gaesterlân [2e pr. 1960]

Oersettingen:
1961 : Jongens van Gaasterland (gearfetting fan Jonges fen Gaesterlân en Nije aventûren fan de jonges fan Gaesterlân)

Ferskaat:
1955 : Kwatrinen (Omar Khayyám, oers. fan Inne de Jong)
1960 : De houn fan de Baskervilles (A.C. Doyle, oers. fan Inne de Jong)
1961 : Alaska-estafette (F. Omelka, oers. fan Inne de jong)
Prizen:
1954 : Rely Jorritsma-priis (fers: ‘Yn lyts bistek’)
1955 : Rely Jorritsma-priis (ferhaal: ‘Yntermezzo’)
1960 : Rely Jorritsma-priis (fers: ‘Moarnstjerre’)

 

Tresoar © 26 maart 2008