Nijemardum

Nijemardum/Nijemirdum

 Yn   hiel âlde geskriften  mei Nijemardum  tûsen kear Nijemardum   hjitte,   mar   it   bliuwt   in   âld doarp.   t   N.   ek   wol   allinne   MARDUM neamd,    dus   sûnder    it    eigenskipswurd    Nije.    Men    soe    sizze,    dêr bistie yn  't earst mar ien plak:  Merthen of Merthum  (1152). Mairden,  útsprekke as  it Holl. Maarden  (1328). Maerdum (1336). Pas yn 1399 lies ik foar it earst: Nuwe Merden en dernei bliuwt it Neemardum (1412), Nyamird(um) (1484), Nijemardum (1493/4), yn 't latyn: Novamerden (1548/9). De ôfsplitsing yn Alde- en Nijemardum moat neffens it boppesteande listke yn 'e twadde helt fan 'e 14e ieu pleats foun hawwe. Nijemardum hat doe ek de tsjerke krigen, hwêr't hjoed-de-dei de toer noch foar in part fan stiet, faeks wol, om 't de foarige yn 'e earste helt fan 'e 14e ieu by in róftocht fan 'e Hollan-nersen Westfriezen yn Gaesterlan, ferbaarnd wie. Neffens de Voor-loopige Lijst (S. 112) is de tsjerke, dy't yn Roomske tiden tawijd wie oan Sinteklaes, yn 'e foarige ieu (d.i. de 19e) ôfbrutsen, mar op dit plaetsje fan J. Stellingwerf fan 1721 is de tsjerke in pûnbult. Der koe net mear yn preke wurde. De grytman fan Gaesterlan hat nijbou bifoardere en sa is der neffens de Tegenw. Staat (III 548) in „schoone kerk" set, dy't eilaes ek net in lang libben biskern wie, hwant hy is, sa't sein is, yn 'e foarige ieu al wer ôfbrûtsen. De toer hat ek hiel hwat meimakke. Op kaerten fan 'e 17e ieu is 't in spits, of de „zeer hooge" toer, dêr't de skriuwer fan 'e Teg. St. it oerhat. Yn 't lest fan 'e 17e ieu is de toer „merkelyk verlaagd" en stomp wurden. A.D.  1969 stiet der wer in spitse op.Hwat funksje hiene de hege tuorren, faek, ja, meastentiids mei lange spitsen, bihalve dan as it middelpunt fan tsjerklik libben op it doarp? Ik haw it wolris faker sein by plakken oan 'e sé-igge (Koudum, Holwert): It wiene beakens foar de skipfeart op 'e Sudersé en it Waed. Nijemardum   hie   relaesjes  mei   de   sé:   Sinteklaes,   de   patroan   fan   'e sé farrenden en keaplju, wie ek de biskermhillige fan Nijemardum. It doarpsgebiet fan Nijemardum en de buordoarpen grinze oan 'e Sudersé, oan 't fuort by de Lemmer; der leit nou noch it Marderfjild; letter lykwols heart it Marderfjild Onder Sondel. Yn 1944 krijt Lemsterlan it, mei in hiele hoeke lan, dat allear únder Gaesterlan hearde. De kwesje oer de „Nya Syl", dat is de Taekezijl", dy't troch de yn-wenners fan Sondel, Nijermardum en Aldemardum fornijd wurde moat, in saek dy't yn 1483 en 1484 spilet, lit dúdlik ütkomme, dat de „Sin-delra, Nyamirdera ende Auldemirdera" (de ynwenners fan de trije doarpen) bilang hiene by de sé en de tagongswei der hinne. Hja skoarje der wol gans tsjin oan, hwant it kostet har sinten. Op forskillende landagen fan 'e steaten stiet dit punt: „de Nije Syl" op 'e wurklist; nei Maert 1484 wurdt it stil en men mei oannimme dat de kwesje doe oan  "e  kant wie. !)De skriuwer fan 'e Teg. St. wiist ek op it foarkommen fan„eene menigte stinzen" yn eardere tiid. Somlike  wieren"„ der fan binne yn dy tiid nog oanwêzich. Dy wieren (ik tel fjouwer) komme ek noch op 'e kaert fan Gaesterlan fan 1698/1718 foar, twa rjochts en twa lofts fan 'e wei tusken Nije- en Aldemardum. Yn 'e histoarje fynt men oer
dy stinzen praktysk neat. De reboeljes tusken Skieringers en Fetkeapers, dy't yn Gaesterlan slim west hawwe, konsintrearden har it meast  op 'e doarpen Wikel en Harich. Yn 'e kronyk fan P. Winsemius (1622) fynt men in kaert fan Fryslan. Der stiet Onder Nijemardum in state oanjown mei de namme Lyclama. Mar dat is ek alles.
 Noch ien biwiis, dat Alde- en Nijemardum alde doarpen binne: hja geane beide op um ût en um is ien fan de alderaldste útgongen fan  in plaknamme. Moai wis al foar 1000 ûntstien.

"mar op dit plaetsje fan J. Stellingwerf fan 1721 is de tsjerke in pûnbult. Der koe net mear yn preke wurde"